Plaats uw eigen bericht!

Klik hier om een bericht achter te laten.

Klik op een smilie om deze toe te voegen.

Grin

Berichten:

Rene gorter - 2017-05-10 10:54:32

Waarom noemen ze deze cross frije cross terwijl je een rijbewijs er bij nodig bent

Bertie dom sorry dat ik het zeg

Danny - 2016-07-27 22:44:56

Hoe zit ut mij de motoren 2 verschillende klasses oud en nieuw of alles bij elkaar?

daniel leistra - 2016-07-17 22:58:49

Ik als ex blija er heb er weer zin in de frije cross
Ik geniet elkekeer weer jullie hebben een mooie flijer gemaakt van de frije cross blije tot 30 juli ik ben weer van de pertty hoi Grin

Theo Broersma - 2013-09-11 22:31:53

In "koarte" impresje fan myn earste autocross rit, mooglik makke troch de Frije Cross. 

Op sneontemoarn healwei achten stienen Douwe en ik klear by garaazje Vellema. Yn de frachtauto, wer letter in komplete garaazje yn bliek te sitten stie al klear en we koenen rjochting Hallum.

Der oankaam tinke jo, klap del dat spul, auto’s der of en kofje mar nee. Der wurd sjoen nei de wyn, auto mat draaid wurde want oars kin it luifeltsje net út. Oanhanger mat oan de oare kant stean. Swilken kleedsjes earst op it gers foardat de auto’s der stean kinne. It kaam krek mar dan dochs kofje.

En dan begjinne de tariedings foar de cross. Jan v/d Weij, myn help yn bange dagen hat my in bytsje weiwiis makke yn de wrâld fan de autocross.

Earst ynskriuwe, dei-lisinsje, fersekering, neam mar op. Dernei moasten de auto keurt wurde. It gie hjit krek wat nofliker as mei de APK.

Douwe mocht efkes mei yn de duositter de baan op. Nei in oanloop fan san heale baanlengte moast ik op teken fan de officials remje. Dat slagge, alle fjouwer tsjellen dienen it.

Doe ha se tige oandachtich ûnder motorkap sjoen, ferteld dat Douwe net mei dwaan mocht yn de race en it wie klear.

De njoggende rit yn de earste manche kaam steeds tichteby. Earst noch mar efkes pisje, it koe no noch. De kaam Jan oan. Theo, yn de klean, we matte nei de startopstelling.

It hert sloech in kear oer en ik tocht noch efkes, wat doch ik hjir. Douwe stie grutsk neist my en dat skuort jo der troch.

Dernei it opstellen foar de race. Rjochts fan buordsje 4 fertelde Jan. Dan nekbân om, helm op bril op, riemen fest…Shit ik sjoch der neat fan.

Bril of, helm of, nekbân of, riemen fest, nekbân om, helm op, bril op, klear. Sitte de riemen wol fest, ja, se wolle net fjirder.

Motor ken noch wol efkes út ferteld Jan want der is in reade flage by de wedstryd foar ús.

Nee gjin echte reade flage. At se wapperje mei in gele flage dan is dat read en as de gele flage stil hinget dan is dat giel. De logika ûntgie my folslein mar de reade stof sil wol op west ha.

Dan nei wol in oere wachtsjen, as wie it no dôchs 5 minuten, mocht ik foar it earst de baan op. Slik, it wie drokker mei minsken dan ik tocht. Sa folle wienen der noch net mei de keuring.

Langsam rolle ik nei it plak, it kaan krekt, noch in lyts stikje, der… Twadde rij, twadde fan binnen. Moai plakje fûnen de deskundigen. Ik hie ek wol efteroan begjinne wollen mar dat koe net, sei Jan.

It fjild stie klear. Wat moast ik ek al wer dwaan fan Jan. Altyd nei de binnenbocht ta, net bûten om. Yn de earste fuort, net fol speed mar grip krije en dan flot yn de twa. Dernei hoechst net wer te skeakeljen. Dus!

Tink om de temperatuer fan de motor, hie mat net siere, oars rint de saak fest. Tink om de flaggen oan de kant mei wer dat frjemde gedoch mei in wapperjende gele flage dy at dan read is.

Yn ienen stekt der in man mei twa flagen oer, it binne in gele en in grienen…In grienen??? Ha we it net oer han. De gele wurd omheech stutsen en we jouwe ynienen allegear gas. Ear ferdoovjend gjit it der om wei en dan falt de griene flage.

Gas gas planke gas en der spuitsje we foarút, rap nei de twa, ha we dat mar han mar dan is der al de earste bocht. Mar dat kin nooit goed komme, dit gjit net passen, gas mar in bytsje los.

Der tochten se efter my oars oer en ik waard de bocht yn treaun. Oldermachtichst, de kluten raamden dwerstroch de auto hinne, de mûle fol stof en fan de hiele baan wie neat mear te sjen.

Doet it wat opljochte seach ik it earste lange ein baan foar my. Op nei de twadde bocht. Links en rjochts auto’s om my hinne mar ik moast nei binnen ta.

Jan seit, binnenbocht hâlde. Bats, in auto fol op de efterkant en wat in kabaal. Der skuurt wat oan. Earst de twadde bocht mar. Dat gie better want it wie al wat minder drok.

De measten wienen al foar my. Dan wer dat rare skurjende lûd. Hoe is myn temperatuer. Swit dik op de kop fansels mar it gie om it meterke yn de auto. Ûnder de 50 dus trochride.

Haha, der ha we bocht ien wer. Ik ha wat mear moed en der sit ek in mooi richeltsje yn wer ik wat ynhingje kin. Op it lange ein planke, de padel on the metal.

Ik helje yn, it gjit bjusterbaarlik, it is krekt as stean de oare auto’s stil sa kom ik der oan soezjen. En dan sjoch ik it, in wapperjende gele flage, dus read.

Aha, hie ik yn de earste bocht mist. Gas los, opnij opstelle yn in lange rige. Auto út de sleat takele en de herstart. Dat gie al better as de earste kear.

Nei in pear rûntsjes wer in wapperjende gele flage, mar net foar my, ik riid noch steeds mei ien auto efter my. Twa rûntsjes foar it ein de tredde kear wapperjende giel en dat wie ek fuortendaliks it ein fan myn earste race.

Wow, op nei it rinnerskwartier, nei al die kloften minsken dy at der klear steane nei myn earste race yn in crossauto. It foel ta, it wie restich, sels Douwe stie noch oan de baan. Tuurlik, de Formule 1 Stockcars binne ek leuk….

By de baan oankaam it kommentaar fan de beste stuurlui: “mast net remje foar de bocht hjer, trochride blinder”, “hiedest seker net yn de gaten dat der in reade flage wie”, “aansens it duel oan gean, tikken útdiele”, “it is dyn mem net”.

It koe my allegearre neat skele, ik hie it dan dôchs mar flikt en ik stie noch te stuiterjen fan de adrenaline.

De twadde race gie it al wat better. Tredde rij, tredde fan binne. Dat betsjut trouwens ek op ien nei bûtenste. Sa klear foar de start seach ik links en rjocht fan my. Sy seagen ek nei my en doe tocht ik, ik sjoch mat wer foar my…

Foar de twadde kear foel de griene flage foar de HAC1600 en ik hie in dreamstart. Fernando Alonso koe der in puntsje oan sûchje. Der wie fuort en daliks grip, bam yn de twadde en sa at Jan seit, nei binnen ta stjoere want de bocht kaam der oan.

En der siet ik ol te wrotten tusken de riders fan de twadde startrige. Wer alderbastende stikken klaai om de kop, mooi dat der in stik betongaas foar siet, dan waar dat wat beteer ferdielt oer it hiele gesicht.

No in race sûnder wapperjend giel. Tsien rûntsjes ‘full speed’. Ik krige de smaak te pakken. Earste bocht wie gjin probleem mar ik kaam telkes te wiid út de twadde bocht. En mar wer koe der in auto tusken troch my foarby.

Oan it ein fan de race krige ik noch in dreun fan san smoarch lyts blau pokke Golfke dat de sleat kaam wol hiel hurd op my of. Gas los, net remje en dat slagge krekt.

Doem fansels op dat suterige Golfke en der efteroan. Hie de race 20 rûntsjes duorre dan hie ik m fansels pakt mar de finish flage foel en wer de rit útriden en wer net lest.

Sa, zoals dat heet een beetje moe maar voldaan, wer werom nei de pits. Dit wie it dan, de 5 siet yn de klok (5 foar trijen) dus ik ferlekkere my al op in hearlik kâld bierke.

“Kin noch net” sei Jan, der binne noch herkansingen. En ja hjer, der kaam noch in tredde race foar de leste fjouwer plakjes yn de finale. Alhoewol Douwe en ik al benei in kroade fol Hallumer klaai trochslokt hienen moasten we doch mar efkes wat ite.

Krekt it iten op en wer werom by de Vellema fanclub oan de baan moast ik fuortendaliks nei de auto ta want de HAC1600 wie al omroppen. By it plak oankaam wie ‘myn’ twasitter al fuort. It swilken kleedsje lei der mar iensum en ferlitten by.

Bliksem Pibe, hurd rinne nei de startopstelling en der hie Jan, doe hast sawat myn Jan, de auto al del set. En it spul moast al hast opride en ik moast noch al ynstappe en troch de stress hast oan de ferkearde kant en der siet gjin stjoer en…..

Restich bliuwe Theo, sei Jan. Sa is it neat wurch. Se wachtsje mar efkes. Triljend de riemen fest, nekbân om, helm op, bril op en der begûn it foar my al te riden de baan op.

Hurd starte en mei, pfoe, krekt mar dan ek krekt op tiid. Startplak wie tredde rige, twadde fan binnen, neat efter my. Langsum rolle ik nei myn plakje ta en doe ynien waard it stil.

De motor foel út…Nee, dit kin net. Starte, opnij starte, troch starte. De official op de baan stie mar te winken. Hjir komme, hjir mast stean.

Ik soe my hurd omdraaie om te sjen at Jan der noch stie mar ik siet sa fest as in hûs yn die auto. It ienige wat ik noch bewege koe wienen myn hannen.

Linker han lâns it netsje nei bûten ta en de official seach te fertwiveling yn myn eagen. “Wat is der oan de han” freget der. Sjochst dat dan net, hearst dat dan net, ik stean hjir te kampearen seker. “Hy docht it net mear, ik krij m net oan de praat”

“Jammer jong” en hy draait in kear mei syn gele flagje yn de loft en in grutte sjofel komt op my af riden, tilt my op en naam my mei nei it midden fan it terrein.

Noch steeds starte starte starte mar it slagge net mear. De grien flage wie fallen en de oare tsien setten út ein.

Doe koe ik skoan efkes sjen hoe hurd at der riden waard en at dat minne blauwe golfke wat mei komme koe. Goh, wat duorre dat lang, die tsien rûntsjes. It like as siet der gjin faart yn die auto’s.

Yn myn beleving gienen we hast like hurd as de Stockcars, hienen we spectaculair bochte wurk mar dat foel in bytsje of.

Doet de finishflage foel kaam der al gou in trekker mei in stik ketting om my nei de pits ta te lûken.

Jammer foar dy leste rit, wat gjin rit mear wurden is mar wat in geweldige erfaring wie dit beste minsken fan de Frije Cross.

Ik ha de beste learmaster fan de dei han want Jan is kampioen fan Hallum wurden.

Ik wol nochris elkenien tankje foar de help, it geduld, mar foaral foar disse ûnferjitlike dei yn de autocross.

Groetnis, Theo


Tade Smedes - zondag 11 augustus 2013

290 foto's: http://www.mijnalbum.nl/Album=SJUZHSG6
Frije Cross Blije 2013 (kompilaasje)http://www.youtube.com/watch?v=KJ0sN3ZhzJI
Frije Cross Blije 2013 (núvere weinen)http://www.youtube.com/watch?v=W65xR7CIIcc
Frije Cross Blije 2013 (Peter Sibma)http://www.youtube.com/watch?v=V5vpyKMX-FA

Sjoch ek op http://www.tadesmedes.nl/?p=2180

hendrik - 2013-08-11 12:17:32

was een leuke dag alleen jammer dat al die irritante rodeo MONGOLEN tussen de gewone auto's aan het beuken waren.
laat er gewoon ook een Rodeo klasse rijden dan blijft het leuker voor iedereen.
en misschien voor volgend jaar de sloten even volledig droog pompen.

Karin - 2013-08-10 21:17:42

vandaag een leuke dag met mooi bochtjes en plonsjes supercatering en de jury bus was helemaal geweldig 
hoe is het afgelopen met het jongentje 
groetjes en tot volgend jaar 

Willie Boonstra - vrijdag 26 juli 2013

Nou Jan Douwe, kijk even bij "nieuws" en dan bij de update van 1 juli. Succes!

jan douwe - zondag 21 juli 2013

aa goeie wer kin ik mie op jaan ?? ien een idee

hendrik - 2013-07-18 20:36:27

ik zou het leuk vinden dat jullie er een juniorklasse in zouden doen.

klaziena - 2013-07-03 13:13:44

Een hele mooie site, zijn net dit jaar in Blije komen wonen en zijn verzot op de autocross. En wij gaan dit jaar ook zeker kijken, volg het nieuws via Facebook. Geweldig ga zo door!!!

standaard - 2012-08-31 19:49:13

mooie dag gehad, lekker gereden. hoeveel ijzer mag er in bij standaard 2000?sommige hadden ijzer genoeg erin,en sommige denken door auto.s heen te kunnen rijden. volgend jaar voor die jongens een rodeo.  astra is weer 30 cm korter bedankt. 

Leffert - 2012-08-20 17:27:32

geweldige cross
bedankt alle medewerkerGrin

danny cahais - 2012-08-19 21:04:03

der wss nog een prijs voor mij hoorde ik 

Jaap Drost - 2012-08-19 20:51:33

It wie wer in machtig moaie lêste sneon fan é boufak!

sjoerd - 2012-08-18 23:21:41

de cross was supper  alleen die lui in de jury bus die mogen wel wat beter hun best doen dag finale door die lui mocht karin of wie dan ook in de bus zitten kijk naar het 1ne laatste filmpje  gr 598  standaard en bedankt verder orgenisatie  had het goed voorelkaar  alle clubs op naar transponder nooit geen misverstanden meer  

Tade Smedes - zaterdag 18 augustus 2012

Frije Cross Blije (Kompilaasje), 18 aug. 2012
http://www.youtube.com/watch?v=b0FVvW0TjxI

Frije Cross Blije (Núvere weinen), 18 aug. 2012
http://www.youtube.com/watch?v=AbSAZHXpBjw

Frije Cross Blije (Henk Doppenberg), 18 aug. 2012
http://www.youtube.com/watch?v=ju7YJywPj4c

65 foto's:
http://www.mijnalbum.nl/Album=JXKYNEAU

Sjoch ek op www.tadesmedes.nl

502 - 2012-07-04 16:43:19

Hele mooie sitee netjes ga zo dooGrin

bauke - 2012-03-18 10:52:58

voor wie nog geen auto / onderstel heeft,

voor de klasse nuvere weinen,
bied ik iets unieks aan:

een onderstel van een Lotus elite,
dit is een “ruggengraat chassis” en daar past een rover 3500 V8 motor in,
en je kunt de opbouw helemaal zelf bepalen, je kunt er echt alles op kwijt,

fotos:

http://img545.imageshack.us/img545/3506/dscf1062d.jpg
http://img26.imageshack.us/img26/6076/dscf1059x.jpg
http://img259.imageshack.us/img259/3269/dscf1060o.jpg
http://img401.imageshack.us/img401/2901/dscf1061x.jpg

zoals je op de foto’s kunt zien, kun je echt van alles op het chassis bouwen, dus je kunt alle kanten uit, het chassis is voorzien van:

stuurinrichting, remmen, aandrijflijn, ophanging, wielen, enz..
dus eigelijk alles wat op de foto zichtbaar is zo is het chassis ook te koop,

dit zal de eerste LOTUS zijn die op een festival het land betreed, het chassis is af te halen in de omgeving van hijlaard (friesland)
prijs: 400 euro


voor info: e-mailen naar beppebeuner@hotmail.com


pieter v - 2012-03-16 21:55:00

mooie site willie heb je sel gebouwd gr. pieter v

Willem Verbeek - woensdag 14 maart 2012

Sjapo hier foar de mooie site.
Gr. Willem VerbeeGrin

Willie - woensdag 14 maart 2012

Hier kun je alles over de Frije cross kwijt. Houd het wel leuk voor ons als organisatie en andere lezers.Grin

Marco en Fetsje - 2012-03-14 22:10:00

No Willie
Dit Hast mar kreas makke hjer!!!!

Oant Sjen!!

Marco en Fetsje



Cookies helpen ons onze services te leveren. Door onze services te gebruiken, geeft u aan akkoord te gaan met ons gebruik van cookies. OK